Jong Feintepartij yn Easterein
EASTEREIN - Op de fjirde woansdei fan july fynt de achtste edysje fan de Jong-Feintepartij, de spesjale KNKB ôfdielingswedstriid foar junioaren fan 17 oant en mei 21 jier, plak yn Easterein. It giet om 11.00 oere hinne, sneon 21 july is de lotting fan de wedstriid om 20.00 oere yn it ferieningsgebou op sportpark De Skoalleseize.
Dizze wedstriid seach yn 2005 it ljocht en de earste twa edysjes naam Wytmarsum de Sulveren Leest mei nei hûs. Dizze wikselpriis wurd beskikber steld troch Jan Hiemstra út Frentsjer, âld-ynwenner fan Easterein en skriuwer fan de jubileumboeken “Bûkelje en boppeslaan” en “Fol Faasje Fierder”. De 7e edysje yn 2011 is wûn troch Frentsjer mei Jan Hof, Erik de Groot en Patrick Scheepstra.
K.F. Easterein wol mei dizze keatspartij in brêge slaan tusken de jonges- en de senioarekategory. Yn oerlis mei de KNKB kaam Easterein út by de kategory junioaren, omdat der nei de Freule yn Wommels nei de jongeskategory in protte jonge keatsers ôfheakje, wat it KNKB-keatsen oangiet. Al jierren wrakselje it KNKB en de ferienings mei dit fraachstik. Der is keazen foar in ôfdielingswedstriid om op dizze wize de measte keatsers út te daagjen de tinkbyldige keatswant op te pakken en it plak fan wenjen te fertsjintwurdigjen.
Neist de wikselpriis de Sulveren Leest binne der prizen yn de foarm fan sulveren keatsballen en in slúf mei prizenjild. Al mei al in prizenpot fan sa’n € 2.000.
Reacties