‘Stadige strikers op hichtestaazje’

HARTWERT – Ien kear yn it jier komme de mannen en frou (Henny) yn Hartwert om de striid oan te gean kwa klup yn totaal. Dizze klup hie wol ris ferlet fan in goed resultaat want it earste achttal fan Skearnegoutum moat it letter opnimme tsjin Aldegea en Lollum wa fan dizze klups degradearje moat út de kampioensgroep. Dit kin noch wol ris in moaie/aparte dei wurde.

Der sieten mei-elkoar mar leafst 36 dammers yn it lokaal en it wie echt in hiele striid. Fedde (foarsitter) hie al in wike fan te foarren de grutte beker efkes poetse litten en de ynskripsjes efkes neisjoen. It docht bliken dat Hartwert fier foar leit en dus moasten de gasten fol oan de bak!

Dat diene hja ek want healwei de jûn stiene de Stadige Strikers suver allegearre wat better op it boerd. No ha wy it fansels wol oer Frysk damjen en ien lyts ferkeard setsje is betiden funest. It begong mei de earste winst foar Skearnegoutum, doe ien fan Hartwert en sa gie it wat op en del.

De iene ferseach him, de oare in gelokje en de winst foar en fan Hartwert waard makke troch de lêste partijen (tolve oere). Machtich moaie partijen en om it mar yn Sjoerd Jan te sizzen: wat stean ik min, ik ferlies dit, ik ha hast gjin set mear, wat moat ik no, wannear pakst my, it is hast dien mar dan stiet hy meastentiids net sa min en Stoffel koe krekt remize meitsje. Teake hie de hannen fol oan Tjalling (Huzumer hollânske topdammer) mar hy moat de ‘geheimen van het einspel’ fan Walinga noch wol ris trochnimme want hy die it net goed. Hartwert wûn mei 10-6.

G.Terpstra-J.Wiersma 0-1, T.Wijbinga-C.Kooistra 0-1, St.Bouma-S.Bakker 0.5-0.5, T.Kooistra-T.Goedenmoed 1-0, F.Wiersma-B.Dijkstra 1-0, G.Bruinsma-D. vd Meer 1-0, J.Bouma-W.Schaap 0-1, S de Boer-Y.Dijkstra 1-0, S.Kooistra-Y.Boelens 0.5-0.5, K.Abma-Wijnja 1-0, P.Sikma-B de Boer 0-1, K.Wiersma-K.Brouwer 0-1, I.Boersma-J de Jager 0.5-0.5, H.Scheltinga-B.Bos 0.5-0.5, K.Oosterhof-H.de Haan 1-0, S.Elzinga-Twijnstra 1-0, A.Boschma-H.Westra 1-0, Y.Wijbinga-D.Namminga 1-0.

Artikel geplaatst door Uultsje Talsma op 4-02-12 15:42.

Gerelateerd nieuws

Actueel nieuws

Blijf overal op de hoogte Volg Bolswards Nieuwsblad via:
Advertentie
advertentie
Advertentie