Dammer fertsjinnet dreun
BOALSERT – Fedde Piet Huitema fan damklup Boalsert Warkum Kombinaasje helle freed yn de Klameare yn Warkum al nei tsien setten daam tsjin Auke Koopmans. Doe’t ien fan de dêr ek oanwezige biljerters dit fernaam fûn dy dit mar neat. “Damje is dochs in selskipsspul? Der is sa neat oan, dy man fertsjinnet in dreun!” Blykber tocht Fedde Piet der ek sa oer, want hy joech Auke de kâns om noch in puntsje te heljen. Dit barde lykwols net.
De partij tusken Durk de Vries en Danny Ruiter wie freed ek hurd beslikke. Durk helle der in setsje út dêr’t Danny mar ien antwurd op hie: oerjefte. Der wienen mar twa wedstriden yn de eigen kompetysje om’t Aldegea Smellingerlân op besite kaam foar in omloop yn de provinsjale kompetysje. It twadde team fan BWK ferlear dy wedstryd yn de twadde klasse krekt mei 5-7. Tiisdei hie it earste team fan BWK mei 4-12 wûn fan Ekselsior út Hârns, dizze beide teams spylje yn de haadklasse.
Utslaggen: Hârns – BWK: W. Leijenaar – net kommen 2-0, K. de Vries – F.P. Huitema 0-2, D. Bekkema – J.M. Drent 0-2, K. Vrieswijk – S. Huitema 0-2, J. Stelwagen – D. de Vries 0-2, S. de Haan – D. Ruiter 1-1, T. Jaasma – D. Mulder 1-1, J. Meindertsma – A. Koopmans 0-2.
BWK – Aldegea: net kommen – M. Hofman 0-2, L. Huitema – L. Houwink 2-0, S. de Groes – H. Jonker 0-2, K. Herder – K. Tjeerdsma 2-0, P. de Boer – J. de Graaf 1-1, A. Sacko – F. van der West 0-2.
Eigen kompetysje: D. de Vries – D. Ruiter 2-0, F.P. Huitema – A. Koopmans 2-0.