Partuur Nico Dykstra wint Jûnspartij Hartwert
HARTWERT – De Jûnspartij wurdt oer twa jûnen ferkeatst mei dizkear fjouwer partoer yn de A klasse en 10 partoer yn de B klasse. Yn de A klasse waard poulekeatst. Op de earst jûn wisten it partoer mei Nico Dykstra, Wytze Hofstede en Sjoerd Teake Kooistra harren beide partijen te winnen mei 5-2, dus hja hiene de oare jûns de beste papieren foar de krânsen en dat barde ek, hja wûnen dizze partij ek mei 5-2.
De striid om it twadde plak wie noch wol spannend, want it partoer mei Ane Jan Knol, Johan Bekema en Meindert Bonnema en it partoer mei Anno Galema, Hylke Rypma en Sybren Poelsma hiene beide ien winstpartij yn de bûse.De lêsten ferlearen harren 3e partij en partoer Ane Jan Knol wûn syn 3e partij dus foar harren de twadde priis. It partoer fan Fokke Jan Kooistra, Ype Bote Bonnema en Peter van Dalfsen wie net bot yn foarm en ferlear al syn trije partijen. It wie ek net maklik keatsen mei sa’n hurde wyn.
Yn de B klasse wiene prachtige partijen te sjen. It partoer fan Geart Jan Karsten mei Ingrid de Boer en Johan Lentz wist nipt syn partij tsjin Tjerck Wybenga, Anna Ydema en Teake Kooistra te winnen en beide partoeren bedarren mei in steand nûmmer de oare jûns yn de heale finale fan de winners en ferliezersronde.
It partoer fan Sybrich Wiersma, Nino Lentz en Annie Duiven wûn de earste jûn syn beide partijen en kaam doe mei in steand nûmmer yn de finale en wa soe har tsjinstanners wurde? Wytze Brandsma, Arlies v.d. Brug en Lamkje Brandsma of it partoer fan Geart Jan Karsten. It partoer Wytze Brandsma luts oan it langste ein en mocht de striid oangean tsjin Sybrich en har maten. It waard in echte triller mei úteinliks alles oan de hang. Lamkje pikte de lêste bal sa tûk op dy’t foar Nino hast net te ferwurkjen wie en hy rêdde it net om de keats foarby te slaan. De krânsen foar Wytze Brandsma en syn mem Lamkje Brandsma en Arlies v/d Brug.
Yn de ferliezersronde wûnen Tjerck en syn maten yn de heale finale har partij tsjin Jan de Boer, Auke de Boer en Jokelien Sybrandy en moasten yn de finale it opnimme tsjin it partoer mei Ruurd Sieperda, Leo Bonnema en Martin Fennema. It like derop dat Tjerck en syn maten de oerwinning al gau yn de bûse hiene, want hja hiene de partij al in pear kear út meitsje kinnen, mar gunden skynber harren tsjinstanners dochs inkele earsten. Teake makke it resolút út mei in sitbal. De partij wurdt sponsere troch Brouwer Groenvoorziener en Sandstra Transport.
De útslach: A klasse 1. Nico Dykstra, Wytse Hofstede en Sjoerd Teake Kooistra 2. Johan Bekema, Meindert Bonnema en Ane Jan Knol.
B klasse. 1. Wytse Brandsma, Arlies v/d Brug en Lamkje Brandsma. 2. Sybrich Wiersma, Nino Lentz en Annie Duiven. 3. Geart Jan Karsten, Johan lentz en Ingrid de Boer.
Ferliezersronde: 1. Tjerck Wybenga, Taeke Kooistra en Anna Ydema. 2. Ruurd Sieperda, Leo Bonnema en Martin Fennema.
Reacties